IN MEMORIAM

D.A. Tamminga

I

Ik rop syn namme tsjin de simmersee,
syn leave namme rop ik tsjin de brekkers,
hy hat jim kend, o ivige skombekkers,
jou my beskie, skodkopje net fan nee:
is hjir yn wetter, ljocht en wyngetwir
net in nei-ebjen fan syn stim bewarre?
dy hege skatterlaits, och mocht it barre
him wer te hearren, ienris klonk er hjir;
yn dizze weagen hat hy stoeid en geid,
de brâning kletsend tsjin de geve ribben,
hjir boarte er yn it brûs en like it libben
ien lange roes fan fleur en feestlikheid;
hjir groef er grêften, stie er strampeloer
te bouwen oan syn brêgen en kastielen,
en kaam de floed om alles sljocht te spielen,
hy joech it nei in fûl gefjocht pas oer;
see, wie syn lûd dy net te goed om wei?
lit ienkear noch dy bernegjalpen beare...
mar 't is omdôch, dyn tijen meie keare,
syn tij keart net, syn mûle is stom tenei.