A. Tiidwurden - regels en oefeningen

Dizze ōfdieling giet oer de goede stavering fan tiidwurdsfoarmen. Fierder jouwe wy omtinken ūnder oaren omtinken oan kombinaasjes fan tiidwurden en de folchoarder fan tiidwurden yn de sin. It programma kin achter inoar trochwurke wurde, mar do kinst fansels ek in kar dwaan śt de neikommende ynhāldsopjefte. Fan de ūnregelmjittige tiidwurden is in list taheakke.
Oeral stiet in lyts stikje teory by. Mear śtlis is te finen yn it boekje Tiidwurden fan D. Eisma en J. Popkema (śtjefte Afūk).
  1. A1. In oantal termen (ynfinityf, persoansfoarm, mulwurd, doelfoarm)
  2. A2. It ferskil tusken regelmjittige en ūnregelmjittige tiidwurden
  3. A3. Būging fan regelmjittige tiidwurden op -e
  4. A4. Būging fan regelmjittige tiidwurden op -je
  5. A5. Ynlieding ūnregelmjittige tiidwurden
  6. A6. Unregelmjittich by do en hy notiid
  7. A7. Unregelmjittige tiidwurden mei a, aa, ā yn de ynfinityf
  8. A8. Unregelmjittige tiidwurden mei e yn de ynfinityf
  9. A9. Unregelmjittige tiidwurden mei ea en ź yn de ynfinityf
  10. A10.Unregelmjittige tiidwurden mei i yn de ynfinityf
  11. A11. Unregelmjittige tiidwurden mei ie en iuw yn de ynfinityf
  12. A12. Unregelmjittige tiidwurden mei o yn de ynfinityf
  13. A13. Unregelmjittige tiidwurden mei u en ū yn de ynfinityf
  14. A14. Helptiidwurden
  15. A15. Tiidwurdfolchoarder algemien
  16. A16. Tiidwurdfolchoarder yn de haadsin
  17. A17. Tiidwurdfolchoarder yn de bysin
  18. A18. De -n achter de ynfinityf
  19. A19. (Un)skiedbere tiidwurden


A1. In oantal termen (ynfinityf, persoansfoarm, mulwurd, doelfoarm)

Tiidwurden kinne de neikommende foarmen hawwe:

Frysk Nederlānsk foarbyld
ynfinityf hele werkwoord leare, rinne
persoansfoarm persoonsvorm ik lear, hy learde, do rinst, wy rūnen
ōfslutend mulwurd voltooid deelwoord leard, rūn
fuortsettend mulwurd tegenwoordig deelwoord learend, rinnend
doelfoarm of n-foarm hat it Nederlānsknet (te) learen
Tink ek noch om:
hjittende wize gebiedende wijs lear, rin
notiid tegenwoordige tijd ik lear, hy leart, do learst, wy rinne
doetiid verleden tijd ik learde, hy learde, do leardest, wy rūnen


A2. It ferskil tusken regelmjittige en ūnregelmjittige tiidwurden

In gebrūklike yndieling fan tiidwurden is dy yn swakke, sterke en ūnregelmjittige tiidwurden. Dy yndieling hinget ōf fan hoe't de doetiid en it mulwurd foarme wurde. Mei in pear foarbylden:

Ynfinityf Doetiid Mulwurd Soarte
hoopje ik hope (ik haw) hope swak/regelmjittich
būge ik būgde (ik haw) būgd swak/regelmjittich
pakke ik pakte (ik haw) pakt swak/regelmjittich
rinne ik rūn (ik haw) rūn sterk/ūnregelmjittich
slaan ik sloech (ik haw) slein ūnregelmjittich

Yn dizze lessen oer de Fryske tiidwurden meitsje wy in ūnderskied yn twaėn: regelmjittige en ūnregelmjittige. De regelmjittige binne de swakke tiidwurden, want dy kinne kreas neffens in pear regels būgd wurde, nammentlik:

  • doetiid: stam + -de of -te of -e;
  • mulwurd: stam + -d of -t of -e.
Alle oare tiidwurden, dy't net neffens dy pear regels geane, binne de ūnregelmjiitige; de būging dźrfan moat gewoan leard wurde. Earst noch dit.
  • " Ynfinitiven yn it Frysk geane altiten śt op -je of -e: hoopje, rinne, keapje, (earne oan) wenne, wenje. Inkeldris binne der twa foarmen, lykas būge / būgje, damme / damje; dat jildt ek foar alle tiidwurden op -eare / -earje, bygelyks avenseare / avensearje. De śtsūnderingen binne: sjen, tsjen, jaan, slaan, dwaan, gean, stean: dy ynfinitiven geane śt op -n.

A3. Būging fan regelmjittige tiidwurden op -e

Foarbylden:

bakke heine
notiid doetiid notiid doetiid
ik bak ik bakte ik hein ik heinde
do bakst do baktest do heinst do heindest
hy bakt hy bakte hy heint hy heinde
wy bakke wy bakten wy heine wy heinden
jo/jimme bakke jo/jimme bakten jo/jimme heine jo jimme heinden
hja bakke hja bakten hja heine hja heinden
mulwurd:
(ik haw) bakt

(ik haw) heind

Regels: Der is hieltyd sprake fan stam + śtgong. De stam = de ynfinityf sūnder de -e.

Notiid: ik stam + Ų Doetiid: ik stam + -te of -de
do stam + -st do stam + -test of -dest
hy stam + -t hy stam + -te of -de
meartal en jo stam + -e meartal en jo stam + -ten of -den

Mulwurd: stam + -t of -d.
Hjittende wize: de stam: Bak! Hein dy bal!

Ferskillen mei de Nederlānske regelmjittige tiidwurden:

  • de śtgongen by do;
  • it mulwurd kriget oan de foarkant gjin ge-.

De fraach by doetiid en mulwurd is: wannear de t-foarmen en wannear de d-foarmen? Dźrfoar jildt deselde regel as yn it Nederlānsk, te witten de regel fan 't kofschip: as de stam śtgiet op ien fan de letters fan dat wurd, dus op t, k, f, s, ch, p, dan krije wy -te/-test/-ten (en yn it mulwurd in -t) en yn alle oare gefallen -de/-dest/-den en yn it mulwurd in d.

Tink derom: einiget de ynfinityf op -ze of -ve, dan krije doetiid en muldwurd ek de d-foarm (blaze - blaasde - blaasd [ferlykje Nederlānsk verhuizen - verhuisde - verhuisd], beve - beefde - beefd [ferlykje Nederlānsk beven - beefde - gebeefd]). Dat jildt yn it Frysk ek foar ynfinitiven op -ge: būge - ik būch - ik būgde - ik haw būgd.

Nederlānsk ik praatte - Frysk ik prate Yn it Nederlānsk wurdt konsekwint yn de doetiid -te of -de achter de stam set: ik praatte, ik antwoordde, dus mei dūbel t of d. Foar it Frysk is de regel dat de t of d net ferdūbele wurdt as de stam al op in t of d śtgiet: ynfin. balte - doetiid hy balte, ynfin. prate - doetiid hy prate; ynfin. hālde - doetiid hy hālde, ynfin. lade - doetiid hy lade. Fansels wol ferdūbeling nei in koarte klinker: hy spatte, hy bidde!


A4. Būging fan regelmjittige tiidwurden op -je

It Nederlānsk hat net in groep fan tiidwurden dy't oerienkomme mei de Fryske -je-tiidwurden. De būging rint ek hiel oars as dy fan de -e-tiidwurden.

Foarbyld: wurkje

Notiid doetiid mulwurd
ik wurkje ik wurke (ik haw) wurke
do wurkest do wurkest
hy wurket hy wurket
wy wurkje wy wurken
jo/jimme wurkje jo/jimme wurken
hja wurkje hja wurken

Regels: It giet sa: der is wer hieltyd sprake fan stam + śtgong. De stam = de ynfinityf sūnder -je.

Notiid: ik stam + je Doetiid: ik stam + -e
do stam + -est do stam + -est
hy stam + -et hy stam -e
meartal en jo stam + -je meartal en jo stam + -en

Mulwurd: stam + -e Hjittende wize: dy is gelyk oan de ynfinityf: Wurkje!

In pear opmerkings hjirby.

  1. De notiid en de doetiid fan do binne oan inoar gelyk. De kontekst moat dus altiten śtwize wat bedoeld wurdt.
  2. Fan de notiidsfoarmen foar ik en meartal / jo kinne wy ek sizze: dy foarmen binne gelyk oan de ynfinityf. Dat is dus ek sa foar de hjittende wize: Wurkje!
  3. As de stam fan in -je-tiidwurd śtgiet op in d, dan komt der altiten in z foar de -je: antwurdzje; giet de stam śt op in t, dan komt der in s by: moetsje.

A5. Ynlieding ūnregelmjittige tiidwurden

Yn A2 binne de ūnregelmjittige tiidwurden al neamd: dat binne alle tiidwurden dy't net foldogge oan de regels foar de regelmjittige tiidwurden śt les A3 en A4. Der binne oars wol gradaasjes yn ūnregelmjittigens. In tiidwurd as wźze (ik bin, hy is, ik wie, ik haw west) is ōfgryslik ūnregelmjittich, mar in tiidwurd as wurde - ik wurd - ik waard - ik bin wurden of sliepe - ik sliep - ik slepte - ik haw slept is folle minder ūnregelmjittich. In skaaimerk is hiel faak dat yn doetiid en mulwurd de stamklinker feroaret en dat it mulwurd op -en śtgiet.

Foar dizze les en de leskes A6 oant en mei A13 moat de alfabetyske list fan ūnregelmjittige tiidwurden brūke wurde. By in protte fan dy tiidwurden stean ek ferskillende farianten by notiid, doetiid of mulwurd. De farianten dy't neamd binne, binne allegearre goed.

Opdracht (allinnich of mei in groepke).
Klik op Alfabetyske list fan ūnregelmjittige tiidwurden. Sykje de tiidwurden dwaan, gean, stean, bliuwe op. Notearje de doetiidsfoarmen dy'tsto sels brūkst, dus: ik ... (By in groepke: bepraat mei elkoar wat jimme opskreaun hawwe).

Fierder nei A6


A6. Unregelmjittich by do en hy notiid

Dizze les giet oer de tiidwurden laitsje, meitsje, smeitsje, feie, jeie, kleie, reitsje, weitsje, krije, koaie (kōgje), koaitsje (kōkje), ploaitsje (plōkje), rźde, stjitte, liede 'leiden', liede 'luiden', sskiede, spriede, bliede, briede, riede, riere, sliepe.
Dy tiidwurden hawwe mienskiplik dat der in ūnregelmjittigens sit by de notiid fan do en hy: dźr fine wy nammentlik foarmen dy't wy yn doetiid en mulwurd weromfine. Mei in foarbyld: hy laket - hy lake - hy hat lake. By do en hy notiid stiet dus deselde klinker as yn doetiid en mulwurd.

Opmerkings:

  1. De tiidwurden lykje, skiede, stjitte, moet(sj)e, riere (reare), sliepe, lije meie ek as regelmjittich tiidwurd beskōge wurde.
  2. Feie, liede, spriede, bliede, briede, liede, rźde, krije meie yn de notiid as folslein regelmjittich behannele wurde.
Sjoch fierder Tiidwurden, bledside 79 / 80.


A7. Unregelmjittige tiidwurden mei a, aa, ā yn de ynfinityf

Lear oan de hān fan de alfabetyske list de neikommende tiidwurden. In protte sille jimme al wol witte, dat konsintrearje jimme op wat jimme net wisten. Wat jimme hjirre en yn de kommende lessen leare moatte, binne as regel de trije foarmen: ynfinityf - doetiid - mulwurd (de saneamde stamtiden), dus bygelyks: drage - droech - droegen, roppe - rōp - roppen. Sykje se op yn de alfabetyske list; notearje en lear dy trije foarmen.
As tiidwurden hiel ūnregelmjittich binne, lykas hawwe, dwaan, jaan, slaan moatte jimme ek goed nei de notiid sjen. Soks wurdt oanjūn.

Tiidwurden mei skreaune a/aa/ā:

  • - hawwe, fange, waskje, falle, farre
  • - dwaan, jaan, slaan
  • - drage, grave, waaks(j)e, wage (allegearre mei oe-oe)
  • - hālde.
Warskōging: Tink by hawwe, dwaan, jaan, slaan ek om de notiid!


A8. Unregelmjittige tiidwurden mei e yn de ynfinityf

Der binne aardich wat ūnregelmjittige tiidwurden mei e (de e fan pet) yn de ynfinityf. Sykje se op yn de alfabetyske list; notearje en lear de stamtiden.

a. De groep mei e-o-o
Foarbyldwurd: helpe - holp - holpen.
Krektsa geane: melke, skelle/skelde, smelte, treffe.
   Tink derom: skelle hat krekt as skelde yn de doetiid in d: skold!

b. De groep mei e-u-u
Foarbyldwurd: bergje - burch - burgen.
Krektsa geane: kerv(j)e, merke, swerve, werpe.

c. De groep mei e-ie/u-u
Foarbyldwurd: brekke - briek/bruts - brutsen.
Krektsa geane: dekke, rekke, sprekke, stekke, trekke.

d. De oerbliuwende tiidwurden mei e
Yn de oerbliuwende tiidwurden mei e sit net safolle regelmjittigens as by dy yn groep a, b, c. Wy hawwe:
- sjen, tsjen: beide mei ea yn de doetiid;
- frette, stelle: beide mei ie yn de doetiid en e yn it mulwurd;
- bedjerre, ferdjerre, stjerre: alle trije mei oa yn doetiid en mulwurd;
- skeppe: mei oe yn de doetiid en ee yn it mulwurd.


A9. Unregelmjittige tiidwurden mei ea en ź yn de ynfinityf

Sykje ūndersteande tiidwurden op yn de alfabetyske list; notearje en lear de stamtiden.

a. Tiidwurden mei ea yn de ynfinityf
Dat binne de tiidwurden fleane, gean en stean. Se hawwe neat mienskipliks.

b. Tiidwurden mei ź yn de ynfinityf
Dat binne: wźze, genźze en lźze. De lźste twa hawwe gelikense būging.


A10.Unregelmjittige tiidwurden mei i yn de ynfinityf

Der binne in hiel soad tiidwurden mei de i (fan pit) of de i (fan wite of wide) yn de ynfinityf. Yn dizze les giet it om dy tiidwurden. Sykje ūndersteande tiidwurden op yn de alfabetyske list (foarsafier't jimme se net kenne); notearje en lear de stamtiden.

a. Tiidwurden mei i-o-o: skrikke - skrok - skrokken.
Deselde lūdwiksel sit yn:
- glimme, klimme, swimme;
- krimpe;
- befinge, kringe, minge, springe, twinge, wringe;
- hingje, tingje;
- blinke, drinke, klinke, krinke, sinke, skinke, slinke, swinke, winke.

b. tiidwurden mei i-ie-i lykas glide -glied -gliden
Deselde lūdwiksel sit yn:
- belide, glide, ride, stride;
- bite, hite, ite, skite, slite, smite, spite, wite;
- strike (doetiid ek: struts)

c. tiidwurden mei i-ū-ū, lykas begjinne - begūn - begūn
Deselde lūdwiksel sit yn:
- begjinne, rinne, spinne, ūntginne, winne;
- bine, ferdwine, fine, wine.

d. twa tiidwurden mei i-ie-i:
- sitte, litte

e. twa tiidwurden mei i-ei-ei:
- lizze, sizze

f. 4 tiidwurden mei i-ea-e:
- ferjitte, jitte, mjitte, sjitte

g. it tiidwurd nimme: nimme - naam - nommen


A11. Unregelmjittige tiidwurden mei ie en iuw yn de ynfinityf

Tiidwurden mei ie en iuw yn de ynfinityf binne de folgjende. Sykje se op yn de alfabetyske list; notearje en lear de stamtiden.

a. Trije tiidwurden mei ie-ea-ea:
- biede, siede, kieze
Tink derom dat biede en siede harren d ferlieze yn de doetiid!

b. Twa tiidwurden mei ie-ea-e:
- ferlieze, frieze
Tink om de r yn doetiid en mulwurd!

c. De tiidwurden mei iuw - eau - eau: priuwe - preau - preaun
Deselde būging hawwe:
- bliuwe, driuwe, priuwe, riuwe, skriuwe, triuwe, wriuwe.
Tink derom dat de śtspraak fan iuw en eau yn Fryslān frijwat fariaasje sjen lit. Dat betsjut dat it oppassen is by de stavering!


A12. Unregelmjittige tiidwurden mei o yn de ynfinityf

Sykje ūndersteande tiidwurden op yn de alfabetyske list; notearje en lear de stamtiden.

Der binne mar in pear ūnregelmjittige tiidwurden mei in skreaune o yn de ynfinityf:
- komme (o-aa-o)
- fjochtsje, sjonge, stjonke (alle trije mei o-o-o)
- roppe (mei o-ō-o).


A13. Unregelmjittige tiidwurden mei u en ū yn de ynfinityf

Sykje ūndersteande tiidwurden op yn de alfabetyske list; notearje en lear de stamtiden.

Der binne trije tiidwurden mei skreaune u/ū yn de ynfinityf:
- wurde
- slute
- lūke.


A14. Helptiidwurden

As wy ien tiidwurd yn in sin hawwe, is der net safolle te rźden: Ik lźs in boek. It giet yn dy foarbyldsin om it lźzen. Dat tiidwurd is dan ek it kearntiidwurd. Wy kinne lykwols de ynhāld fan de sin nuansearje troch wat ekstra tiidwurden ta te heakjen, en dy helpe dan om dat lźzen in beskate nuānse te jaan. Bygelyks:
    Ik haw dat boek lźzen (hawwe foeget ta: it is klear mei dat lźzen)
    Ik wol dat boek lźze (wolle foeget ta dat ik dat lźzen fan doel bin)
    Ik sit dat boek te lźzen (sitte foeget ta dat ik dermei oan 'e gong bin).
Sokke tafoege nuansearjende tiidwurden hite: helptiidwurden. Der kinne mear as ien fan yn in sin sitte. Yn it algemien jildt: yn in haadsin of yn in bysin sit ien kearntiidwurd; as der noch ien of mear oare tiidwurden yn sitte, dan binne dat helptiidwurden. Yn de folgjende sinnen bliuwt hieltyd doch / dwaan it kearntiidwurd:
    Ik doch dat
    Ik kin dat dwaan (helptw. kinne is tafoege)
    Ik moat dat dwaan kinne (helptw. moatte is noch tafoege)
    Ik hie dat dwaan kinne moatten (helptw. hawwe is ek noch tafoege)
Wy sjogge oan dy foarbyldsinnen dat in nij tafoege helptw. yn de persoansfoarm komt en dat de oare tiidwurden achteroan komme te stean.
Sjoch ek Tiidwurden, s. 21 - 22.

Opmerking

  • De helptiidwurden wźze, hawwe, wurde soargje derfoar dat der in mulwurd yn de sin komt: hy rekkenet - hy hat rekkene, do komst - do bist kommen, se dūnsje - der wurdt dūnse.
  • Oare helptiidwurden foarmje kombinaasjes mei in ynfinityf: ik sit - ik bliuw sitten, ik lear dat - ik kin dat leare;
  • In tal oare helptiidwurden foarmje kombinaasjes mei te + ynfinityf: hy lźst - hy sit te lźzen, ik wenje dźr - ik kom dźr te wenjen.


A15. Tiidwurdfolchoarder algemien

Taljochting
De groep fan tiidwurden oan de ein fan de haadsin of bysin neame wy de tiidwurdgroep. It ferskil tusken de tiidwurdgroep yn de haadsin en dy yn de bysin is oars net asdat yn de bysin de persoansfoarm der ek noch by stiet en wol hielendal achteroan. Yn it Nederlānsk en it Frysk is de folchoarder yn dy tiidwurdgroep net gelyk; yn prinsipe binne se inoarrens spegelbyld. Dat blykt wol śt de neikommende opdracht. Sjoch ek Tiidwurden, s. 23 - 27.


A16. Tiidwurdfolchoarder yn de haadsin

Sjoch ek Tiidwurden, paragraaf 4.4 (side 24-25). It grutte ferskil tusken haadsinnen en bysinnen is:

  • yn in haadsin stiet de pf earne foaroan; as der mear tiidwurden binne, steane dy oare tiidwurden efteroan;
  • yn in bysin stiet de persoansfoarm efteroan, by de eventuėle oare tiidwurden.

Besjoch de folgjende sinnen:
1a. Ik vind het boek. 1a. Ik fyn it boek.
1b. ik heb het boek gevonden. 1b. Ik haw it boek fūn.
1c. Ik kan het boek vinden. 1c. Ik kin it boek fine.
1d. Ik moet het boek kunnen vinden. 1d. Ik moat it boek fine kinne.
1e Ik zal het boek moeten kunnen vinden. 1e Ik sil it boek fine kinne moatte.
1f. Ik heb het boek moeten kunnen vinden 1f. Ik haw it boek finne kinne moatten.

Foar al dy sinnen jildt:

  • vinden / fine is it kearntiidwurd, alle oare tiidwurden binne helptiidwurden;
  • as wy in helptiidwurd tafoegje, dan komt dat yn de pf te stean, wylst it eardere tiidwurd śt de pf dan nei efteren ferhuzet.

It giet śs yn dizze paragraaf om de folchoarder fan de tiidwurden efteroan (it binne allegearre haadsinnen). As wy nei de folchoarder binnen dy tiidwurdgroep sjogge en dan Frysk en Nederlānsk meiļnoar ferlykje, dan is de regel hiel simpel:

Haadprinsipe:
Yn in tiidwurdgroep oan 'e ein fan in haadsin binne de Fryske en de Nederlānske folchoarder presiis oan mekoarren spegele; hja binne inoarrens omkearde.


A17. Tiidwurdfolchoarder yn de bysin

Sjoch ek Tiidwurden, paragraaf 4.5 (side 25-27).
Benammen as der oan de ein fan de (by)sin mear as twa tiidwurden steane, kin it wolris wat yngewikkeld wźze (of lykje). Wy geane hjir trouwens net fierder as 4 tiidwurden yn de tiidwurdgroep.

Hāld ek foar dizze paragraaf it Haadprinsipe yn 'e rekken:
De folchoarder yn it Frysk is de spegeling fan dy yn it Nederlānsk.

Hoe sit it yn it Nederlānsk?

1. Der sit in mulwurd yn de groep. Foarbylden (tink op it plak fan de stipkes mar: Ik geloof)

  • - mei 2 tiidwurden: … dat hij dat gedaan heeft / heeft gedaan
  • - mei 3 tiidwurden: … dat hij dat gedaan kan hebben / kan hebben gedaan
  • - mei 4 tiidwurden: … dat hij dat gedaan zou kunnen hebben / zou kunnen hebben gedaan
Regels as der in mulwurd is:
  1. Yn it Nederlānsk stiet in mulwurd as earste of as lźste yn de groep (dat is dus frij).
  2. De persoansfoarm komt foįr de oanwźzige ynfinitiven.

2. Der sit gjin mulwurd yn de groep, mar wol ien of mear ynfinitiven. Foarbylden:
-mei 2 tiidwurden:

  • dat ik zou komen / komen zou
  • dat hij zit te lezen
  • dat ik hem hoor zingen
- mei 3 tiidwurden:
  • dat ik zou willen komen
  • dat hij heeft zitten lezen
  • dat ik hem heb horen zingen
- mei 4 tiidwurden:
  • dat ik hem zou willen laten komen
  • dat hij heeft kunnen zitten lezen
  • dat ik hem heb willen horen zingen.
Regels as der gjin mulwurd is:
  1. by de helptiidwurden zullen, mogen, moeten, willen, laten, kunnen yn de persoansfoarm + 1 ynfinityf is de folchoarder frij;
  2. yn alle oare gefallen komt earst de persoansfoarm;
  3. as nei it helptiidwurd te + ynfinityf komt, stiet dy te + ynfinityf altiten achteroan.

Opdracht 1
Set boppesteande sinnen allegearre oer yn it Frysk.

Wat binne no krekt de ferskillen yn folchoarder tusken de Nederlānske en de Fryske sintsjes en hoe binne de regels?

De regels foar it Frysk yn ferliking mei it Nederlānsk binne:

  1. yn de bysin stiet de persoansfoarm altiten achteroan (de frijheid dy't it Nederlānsk hat by gedaan heeft / heeft gedaan of schrijven wil / wil schrijven hat it Frysk dus net!);
  2. as der te+ynfinityf yn de sin stiet, komt dat noch achter de persoansfoarm;
  3. yn it Nederlānsk wurdt, as in helptiidwurd yn de folsleine tiid komt te stean, net it mulwurd brūkt, mar de ynfinityf; it Frysk brūkt dźre wól in mulwurd (hij heeft kunnen komen - hy hat komme kind);
  4. de Fryske folchoarder is de spegeling fan de Nederlānske en dus komt oer it generaal de Fryske folchoarder oerien mei de Dśtske. Dźrtroch stiet yn it Frysk it kearntiidwurd altiten foaroan yn de tiidwurdgroep.

A18. De -n achter de ynfinityf

Lźs paragraaf 4.6 fan Tiidwurden (side 27-29) goed troch. Koart gearfette komt dy paragraaf del op:

A. de ynfinityf kriget in -n

  1. by gebrūk as haadwurd (dus nei lidwurd of ferhāldingswurd);
  2. yn kombinaasje mei hearre, sjen, fiele;
  3. yn kombinaasje mei gean en bliuwe;
  4. yn guon gefallen by komme en hawwe;
  5. nei it wurdsje te.
B. Gean sūnder te mei allinnich kombinearre wurde mei lizze, sitte, hingje, stean.

C. Bliuwe sūnder te mei allinnich kombinearre wurde mei lizze, sitte, hingje, stean, stykje, wenje.

D. Wy krije te + ynfinityf + n:

  1. nei sitte, stean, lizze, hingje, rinne, wźze as helptiidwurd om oan te jaan dat immen earne mei oan 'e gong is;
  2. nei helpe en leare (mar ek noch wol guon oare, lykas besykje, begjinne).

A19. (Un)skiedbere tiidwurden

Lźs paragraaf 5 fan Tiidwurden (s. 30-32) goed troch. Eins giet it om twa saken:

A. Gearstallings fan tiidwurd + haadwurd (par. 5.1)

Wat yn it Nederlānsk gauris troch in tiidwurd en in saaklik foarwerp (lijdend voorwerp) śtdrukt wurdt, kin yn it Frysk hiel goed ien, ūnskiedber gearstald tiidwurd foarmje:

hij poetst zijn tanden hy 'toskepoetst hy hat 'toskepoetst
zij leest de krant sy 'krantlźst sy hat 'krantlźzen
wij plukken bloemen wy 'blomkesykje wy hawwe 'blomkesocht

De klam leit yn sokke kombinaasjes op it haadwurd (oanjūn mei in').

B. Bywurd (bijwoord) of eigenskipswurd (bijvoeglijk naamwoord) + tiidwurd (5.2).

Dźrfoar jildt sawol yn Nederlānsk as Frysk de regel: as de klam op it earste part leit, is it tiidwurd skiedber; leit de klam op it twadde part, dan is it tiidwurd ūnskiedber. In skiedber gearstald tiidwurd kriget yn it Nederlānsk wol ge- yn it mulwurd, in ūnskiedber net. Dus bygelyks Nederlānsk doorlopen:

doorlopen hij liep de straat door hij is de straat 'doorgelopen
door'lopen hij door'liep de school hij heeft de school door'lopen

De paragraaf wiist derop dat yn guon gefallen in Frysk tiidwurd net skiedber is, wylst de Nederlānske wjergader dat wol is (oerlangje, oerlizze, ensfh.). De oarsaak dźrfan is fansels dat de klam yn it Frysk oars is as by it oerienkomstige Nederlānske wurd: over'handigen - 'oerlangje, overleggen - 'oerlizze. Sjoch yn gefal fan twivel yn it wurdboek Frysk - Nederlānsk: dźr stiet oanjūn wźr't de klam yn in wurd leit.